René Hooghiemster wint H'fean

08 maaie 2007 - 22:24

René Hooghiemster hat tiisdeitejûn de Ronde fan It Hearrenfean wûn. De 20-jierrige hurdfytser fan Oentsjerk wie yn de sprint Rob Disseldorp fan Rijpwetering fierwei de baas. Wim Stroetinga (Aldeberkeap) waard tredde.

Der waard riden op in nij parkoers, in rûntsje fan 1200 meter om it Abe Lenstra-stadion hinne. By de froulju gong de winst nei Kirsten Wild fan Zwolle, Rixt Meijer fan Drylts waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)