Offaloven tastien by Waad

De bou fan in reststoffe-enerzjysintrale yn Harns is net yn striid mei it Waadbelied. Dat seit minister Cramer fan Miljeu nei oanlieding fan krityske fragen út de Twadde Keamer.
De sintrale dy 't ôffalferwurker Omrin yn Harns bouwe wol, falt binnen de saneamde planogische kernbeslissing dêr't yn fêstlein is wat der al en net mei yn it Waadgebiet. Boppedat sjocht de provinsje ek nei de miljeu-effekten.