Platfoarm Parkmanagement opset

© Omrop Fryslân
Plannen foar it mienskiplik behearen en ûnderhâlden fan Fryske bedriuweterreinen binne der wol, mar fan de útfiering komt net folle telâne. It nije Frysk Platfoarm Parkmanagement moat dêr feroaring ynbringe.
It platfoarm sil ûndernimmers op bedriuwsparken en gemeenten helpe om bygelyks meiïnoar saken as it ûnderhâld fan it grien, befeiliging en ynkeap fan tsjinsten te regeljen.