Gordykstermerk ferrint rêstich

08 maaie 2007 - 11:22
Foto: Omrop Fryslân

De Gordykstermerk is rêstich ferrûn. De plysje moast twa kear in aksje komme. Yn de Hoofdstraat waard moandei in ynwenner fan De Gordyk (22) oanhâlden. Hy hie in plysjeman misledige. In 17-jierrige bestjoerder fan in brommobyl út Wynjewâld hie te folle dronken en krige in rydferbod fan seis oeren.

Ferline jier rûn de merk noch út op in fjildslach. Jongeren rekken yn gefjocht. De plysje pakte 6 minsken op.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)