Baas (VVD) stapt út polityk

Ton Baas: 'op skandalige wize' oan kant set
VVD-deputearre Ton Baas ferlit de Fryske polityk. Baas fielt him op in skandalige wize oan kant set troch CDA en PvdA. De VVD hat 16 jier Fryslân bestjoerd mei CDA en PvdA. "As der spul wie yn it kolleezje, dan wie it net mei de VVD", sa seit Baas.
Neffens Baas komt it nije kolleezje mei in 'flutferhaal'. Baas fynt dat it CDA 'ynpakt' is troch de PvdA. Baas wol no 'sa gau mooglik' ôfskie nimme fan de provinsjale polityk.