Bewenners kontroleare gemeente

07 maaie 2007 - 23:20

Ynwenners fan Dongeradiel kinne no op it gemeentehûs kontrolearje oft harren hûs of bedriuw wol op de goede manier yn 'e nije bestimmingsplannen stiet. De gemeente stelt op dit stuit fjouwer nije bestimmingsplannen op foar Dokkum, de doarpen en it bûtengebiet.

Mei de kontrôles wol de gemeente foarkomme dat flaters letter yn lange en djoere prosedueres hersteld wurde moatte. Ein dit jier moatte de bestimmingsplannen klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)