Nije kazerne brânwacht Skier

07 maaie 2007 - 23:02
Foto: Omrop Fryslân

Skiermûntseach krijt in nij ûnderkommen foar de brânwacht en de ambulânses. De gemeente socht al sûnt 2002 nei in goede lokaasje. It nije ûnderkommen komt oan de Knuppeldam oan 'e râne fan it doarp.

Nêst in kazerne foar de brânwacht en sike-auto's komt der ek in besikerssintrum. Dat wurdt dan in soart doarsphûs. Begjin 2008 moat mei de bou begûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)