Gjin ûndersyk nei Lienden

07 maaie 2007 - 22:33

It fuotbalbûn docht neat mei it mooglike omkeapjen tusken Sportclub De Jouwer en Lienden. De Jouwer waard foar de wedstriid fan snein belle troch immen dy't frege oft de Jousters tsjin betelling ferlieze woene.

Op oanrieden fan it fuotbalbûn hat Sportclub De Jouwer him dochs melden. Lienden spilet yn distrikt West 1. Dat distrikt jout no oan dat se net genôch oanlieding sjogge om der in ûndersyk foar yn te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)