Heuchlik momint foar Philips

.... fiifhûndert miljoen kear
By de Philipsfabriken yn Drachten en it Sineeske Zhuhai wurdt woansdei fierd dat der sûnt 1939 fiifhûndert miljoen skearapparaten makke binne. It earste elektryske skearapparaat waard yn Eindhoven makke en krige de namme Philishave. Yn 1950 waard de produksje ferpleatst nei Drachten.
De ôfrûne jierren hat Philips in part fan de produksje oerbrocht nei Sina. Ferline jier feroare de namme fan it apparaat yn Philips Shaver.