Lêst fan rûpen op Skylge

07 maaie 2007 - 14:27

In soad besikers fan Skylge ha ôfrûne wike lêst hân fan rûpen. De bisten feroarsaakje hûdútslach as men der mei yn oanrekking komt. Troch de waarmte binne de rûpen fan de bastaardsatijnvlinder massaal útkaam.

Alle jierren binne de rûpen wol op de eilannen te finen, mar dit jier is de oerlêst grutter as oars. By Steatsbosbehear binne in soad klachten binnenkaam; minsken krije jokte, reade plakken en soms brânwûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)