Flier sporthal fersakket

© Omrop Fryslân
De flier fan de gymnastykseal fan Twizelerheide fersakket. It is al de tredde sporthal yn de gemeente Achtkarspelen dêr't problemen mei de flier binne.
It gemeentebestjoer lit útsykje hoe't it probleem yn Twizelerheide oplost wurde kin. Ek yn Bûtenpost en de Harkema moast de gemeente de lêste tiid in probleem mei de flier oplosse. Yn dy sealen wie de flier sa glêd dat dy ferfongen wurde moast.