Band Jitiizer yn New York

© Omrop Fryslân
De Fryske tongercoreband Jitiizer sil dizze wike in tal optredens fersoargje yn New York. Foar de saneamde "Burn that closet"-toer binne op it stuit trije optredens fêstlein, wêrûnder ien yn de ferneamde club Siberia yn Manhattan.
Troch kunde oan de band Rocking Ramonas kin it wêze dat der foar Jitiizer noch ien as twa supportoptredens bykomme.