Konflikt provinsjehûs beprate

© Omrop Fryslân
Der moat in ekstra steategearkomste komme oer de bou fan it nije provinsjehûs, noch foar de ynstallaasje fan it nije kolleezje. Dat hawwe CDA en PvdA yn de Fryske Steaten oan kommissaris Nijpels frege.
Oanlieding is in konflikt mei in ynhierde projektlieder oer de bou. De provinsje hat in akkountantsburo frege de saak te ûndersykjen. Dat rapport hie der al wêze moatten. De partijen wolle witte wêrom't it der noch net is.