Frou mishannele op festival

© Omrop Fryslân
De plysje hat op it Befrijingsfestival in Ljouwerter oanhâlden, omdat er op it Aldehoustertsjerkhôf in frou mishannele. It giet om in 30-jierrige frou út Grins. De man trape har, nei't er mei syn fyts tsjin har oan botst wie.
In oare Ljouwerter fan 21 jier is oppakt omdat er rûzje socht. Hy wie in hoarekagelegenheid útset, mar bleau ferfelend. De plysje frege him om fuort te gean, mar dat woe er net.