Stichting mjit bannespanning

06 maaie 2007 - 12:47

Stichting de Griene_Garaazje hat sneon yn Ljouwert de spanning fan inkelde hûnderten autobannen metten. Dat barde út ideologyske oerwagings. Mei de goede bannespanning ride auto's suniger en is der minder CO2-útstjit. Dat is better foar it miljeu. By de kontrole die bliken dat in soad auto's te lege bannespanning hiene. Yn 'e measte gefallen gie it om inkele tsientallen persinten. Dat skeelt op 100 kilometer al gau 1 liter brânstof.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)