Jonges mishannelje man

05 maaie 2007 - 15:30
Foto: Omrop Fryslân

Twa jonges fan 16 en 17 út Broeksterwâld en Feanwâlden binne freedtenacht oanhâlden foar mishanneling fan in 22-jierrige man út Kootstertille. De mishanneling fûn plak foar in kroech oan de Feintenslean yn Feanwâlden.

It slachtoffer waard skopt en slein troch de twa jonges. Se binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)