Fersetsstriders by gemeente

05 maaie 2007 - 15:16

Snitser fersetsstriders ha sneon in reüny hân by de gemeente Snits. It bestjoer fan de stêd hie har op de kofje útnoege. Dat is in tradysje dy't trije jier lyn útein set is.

De âld-fersetsstriders kinne de oarloch net loslitte en guon ha noch altiten lêst fan bygelyks nachtmerries, sa die bliken. De gemeente giet mei dizze tradysje troch, sa lang as der fersetsstriders nei Snits takomme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)