Fjouwer Ljouwerters oanhâlden

© Omrop Fryslân
Fjouwer Ljouwerters fan 19 en 20 jier binne sneontemoarn betiid oanhâlden yn har wenplak. Trije fan har misdroegen har yn in kroech oan it Ruterskertier en waarden de saak útset. Op strjitte ûntstie in fjochtpartij mei de kroechmeiwurkers.
De plysje wie yntusken warskôge en hat de trije oanhâlden. In 19-jierrige ynwenster fan Ljouwert woe dat foarkomme, mar ek sy is ynrekkene.