Man efter speedboat oan

05 maaie 2007 - 13:59
Foto: Omrop Fryslân

In 35-jierrige man út Skarsterbrêge hat freedtenacht efter syn eigen speedboat oansitten. De man seach by syn hûs in auto fuortriden mei dêrefter de trailer mei syn speedboat.

De man efterfolge de auto. De dieven keppelen op de Legemarsterwei fia de achterklep de trailer los. De boat en de trailer kamen yn de sleat telâne en rekken dêrby beskeadige. De eigner hat de plysje warskôge. Dy hat de saak yn ûndersiik.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)