Te min tsjerkemuzikanten

© Omrop Fryslân
Der komme hieltyd minder goeie tsjerkeoargelisten, pianisten en koarlieders foar protestante tsjerken. Op dit stuit studearje der mar in stik of acht oargelisten oan de konserfatoria ôf.
Tsjerkemuzyk skoart net by de jeugd en professionele oargelisten kinne der gjin brea mei fertsjinje. As der neat feroaret kinne grutte histoaryske oargels ynkoarten net mear bespile wurde en ferdwine tal fan âlde lieten.