Konsert BZN giet troch

05 maaie 2007 - 10:11

It konsert dat BZN sneontejûn jout yn it WTC/Expo yn Ljouwert giet gewoan troch. Freed waard bekend dat ien fan de managers fan de band, Jacques Hetsen, ferstoar. Hy is 61 jier âld wurden. Hetsen wie inkele tsientallen jierren manager fan de Volendammer band.

BZN is op dit stuit dwaande mei de ôfskiedstoernee. De bandleden binne bot oandien troch de dea fan Hetsen mar ha dochs besletten op te treden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)