Hege opkomst by betinking

04 maaie 2007 - 22:14

Rûnom yn de provinsje binne freedtejûn de deaden fan de Twadde Wrâldoarloch betocht. By de offisjele provinsjale betinking yn de Prinsetún yn Ljouwert wiene inkelde hûnderten minsken. Opfallend wie dat seker net allinnich de âldere generaasje, dy't de Twadde Wrâldoarloch meimakke hat, presint wie, mar ek behoarlik wat jongerein.

Boargemaster Geert Dales fan Ljouwert gong yn syn taspraak yn op it belang fan de frijheid om je te uterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)