Kaartebak nei Westerbork

It argyf is nei it herinneringskamp Westerbork brocht
Op in solder yn Skearnegoutum is yn de Twadde Wrâldoarloch in weardefol argyf bewarre bleaun. It argyf is nei it herinneringskamp Westerbork brocht foar ûndersyk.
Op 450 kaartsjes steane de gegevens fan joadse ûnderdûkers yn 'e Súdwesthoeke. It dokumint jout ynsjoch yn de organisaasje fan it ferset. It wie foar mear as túzen minsken in deafonnis as de Dútsers it argyf fine soene.