Buitenschool wer iepen

Ferliene wike baanden fjouwer romtes fjourt (foto: Robert Visser)
De Buitenschool yn Ljouwert giet moandei wer iepen. Dat hat de direksje fan de skoalle bekend makke. Foarige wike giene fjouwer romtes fan de skoalle ferlern by in fûle brân. De útbaarnde romtes binne ôfrûne wike sloopt. Op it plak sil in gersfjild oanlein wurde.
Moandei wurdt noch wol stilstien by de brân. De bern sille mei help fan foto's oer de brân prate. Oer de oarsaak is noch neat bekend.