Advys Andriesen: belutsenens
Anita Andriesen advisearret de lanlike PvdA om tichter by de minsken te stean en de organisaasje iepener en lytser te meitsjen. Andriesen wie frege om útlis te jaan oer de suksesfolle Fryske PvdA-kampanje by de provinsjale ferkiezings yn maart.
Boargemaster Ruud Vreeman fan Tilburg ûndersiket it lanlik falen fan de PvdA. Hy wol graach witte wat Fryslân oars dien hat. Dêrom hie hy Andriesen yn Tilburg útnoege.