Brêge Snits wer iepen

04 maaie 2007 - 13:29
Foto: Omrop Fryslân

De Geeuwbrêge yn de rûnwei fan Snits is wer iepen foar skipferkear. Tongersdeitemiddei wie der in stroomsteuring yn de stêd. Dêrtroch rekke de betriedding beskeadige en koe de brêge net mear omheech.

Technisy ha de problemen freedtemoarn oplost. De brêge kin no wer iepen en ticht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)