Klanten Yarden nei advokaat

04 maaie 2007 - 11:59

Klanten fan útfeartfersekerder Yarden wolle nei de rjochter gean. Eartiids betellen klanten in premy, dêrfoar krigen sy in útfeart. De regels binne no sa feroare dat Yarden in bedrach útkeart fan 1500 euro.Dat is te min foar in goeie útfeart, sizze de klanten.

Twa Ljouwerters brochten de saak oan it rôljen. Yntusken ha al 30 klanten har by de Ljouwerter advokaat melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)