Undersyk nei deade yn tehûs

03 maaie 2007 - 19:20

Justysje yn Grins en de ynspeksje foar de Sûnenssoarch ûndersykje de dea fan in man (83) yn Boalsert. De man ferstoar op 4 maart yn fersoargingshûs It Menniste Skil. Mooglik hat de man ferkearde medisinen krigen.

Justysje wacht op útslaggen fan it Nederlands Forensisch Instituut foardat se al of net ta ferfolging oergean. Fierder sjocht de ynspeksje nei de kwaliteit fan de soarch yn it fersoargingshûs yn Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)