"Sels de wyk ferbetterje"

Minister Vogelaar die boadskippen by har wurkbesite
Bewenners fan de wyk Schieringen-Heechterp yn Ljouwert moatte sels mei ideeën komme om de wyk op te knappen. Dat sei minister Ella Vogelaar fan Folkshúsfesting tongersdei by har besite oan de wyk.
De minister hat Heechterp-Schieringen opnaam yn de lanlike list fan 40 probleemwiken. Mei-inoar hat de oerheid 400 miljoen euro om dy op te knappen. Gemiddeld komt dat dus del op 10 miljoen euro de wyk.