Fiskfergunning oanfochten

03 maaie 2007 - 15:17
Sieuwske fiskers meie op it Waad net op mokselsied fiskje, fine natuerorganisaasjes

De Waadferiening, stifting WAD en Vogelbescherming Nederland fjochtsje de fiskfergunning oan fan Sieuwske mokselfiskers. It ministearje fan LNV hie de fiskers tastimming jûn om de lêste mokselbank út de westlike Waadsee binnen te heljen.

De trije partijen binne dêr op tsjin. Se sizze dat de mokselbanken ûnmisber binne yn de Waadsee. De saak tsjinnet freed foar de Raad van State.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)