Soargen oer stiennen yn wetter

02 maaie 2007 - 20:39

Boatferhierders oan de Langwarder Wielen meitsje har soargen oer de gefolgen fan de stienstoart oan de kanten fan de Noarder Aldewei. Ferskate boaten rûnen skea op trochdat se op de bulte stiennen fearnen. De stoart leit foar in part ûnder wetter.

De stienstoart is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt fan de provinsje. De eigner fan in sylbuorkerij foarsjocht grutte problemen yn de simmer as it folle drokker is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)