Waarme waar goed foar hannel

02 maaie 2007 - 17:47

Undernimmers profitearje fan it moaie waar. Mei seis wiken sinne en waarmte moatte se hurd oan de bak om alles foar elkoar te krijen. De fraach nei barbecues brekt alle rekords en ek it iis is net oan te slepen.

Bûten ite is populêr en der binne ek kursussen foar. TV-kok Reitse Spanninga organisearret al trije jier kursussen foar de bûtenkeuken. Alle 36 kursussen fan dit jier sitte folboekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)