Boek oer Landwacht yn Fryslân

Keizer skreau in boek oer de Landwacht
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wiene se de skrik fan de befolking. Friezen dy't tsjinst diene as Landwacht, helpers fan de besetter. Amateurhistoarikus Jasper Keizer hat der in boek oer skreaun: De Zwarte Wagon.
Yn de oarlochsjierren hienen hast alle doarpen sa'n Landwacht, mear as 300 wiene der aktyf. Mear as 156 Friezen fûnen de dea troch har ferried. Yn it boek steane per streek de nammen fan de ferrieders. Dat is noch in taboe.