Gearwurking mei Oranje Nassau

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean en amateurklub Oranje Nassau út Grins wurkje gear by de opset fan de froulju's kompetysje.
Hearrenfean is ien fan de klubs dy't it nije fuotbalseizoen meidocht yn de nije earedivyzje foar frouljusfuotbal. De wedstriden wurde tongersdeis spile. Froulju út de seleksje dy't dan net spylje, komme de sneon dêrop foar Oranje Nassau út by de amateurs. Oare ploegen yn de earedivyzje binne ADO, AZ, FC Twente, FC Utrecht en Willem II.