Minder straffen by Halt-buro

02 maaie 2007 - 15:19

It Halt-buro yn Fryslân hat yn 2006 minder jongeren mei in taakstraf ûnder hannen nommen as yn 2005. Yn 2005 krigen 823 jongeren in alternative straf, yn 2006 wienen dat der 517. Lanlik is de trend krekt oarsom.

De jongeren krije hieltyd minder in taakstraf foar stellerij, brânstifting en spijbeljen. Ek wienen der minder straffen foar fjoerwurk mei de jierwiksel. Foar fernielings ha mear jongeren in alternative straf hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)