Fargeul Amelân net op djipte

02 maaie 2007 - 14:02

De fargeul nei Amelân is noch net op djipte. Rykswettersteat baggert om in ein te meitsjen oan de fertragingen fan de fearboat. Ek de eastewyn spilet de boat parten. Dy blaast it wetter út de Waadsee.

Nei Keamerfragen hat steatssiktaris Huizinga tasein dat de fargeul foar 1 maaie goed befarber wêze soe. Neffens Rykswettersteat is dêr oan foldien. De fargeul is noch net oeral 3,5 meter djip, mar de rûte is goed befarber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)