Klúnplakken yn akwadukt

02 maaie 2007 - 12:12

Der komme spesjale klúnplakken foar reedriders yn it nije Alddiel-akwadukt by de Wâldwei. Sa kinne bewenners fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren winters de wide natuer ynride. Sûnder dy klúnplakken kin dat net want wetter yn it akwadukt befriest net.

De bouwers lizze moannen foar op it skema. Yn plak fan begjin takom jier, is it nije akwadukt ein dit jier al klear. It akwadukt is in ûnderdiel fan de nije Wâldwei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)