Tsjûgen oanriding socht

02 maaie 2007 - 10:08

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding sneontejûn yn Feanwâlden. Op de krusing fan de Leeuwerikstrjitte mei de Kievitstrjitte botste in autobestjoerster út Sweagerbosk op in noch ûnbekende autobestjoerder.

De frou skrok sa dat se earst trochried. Letter is se weromgien, mar doe wie de oare al fuort. It giet nei alle gedachten om in giele bestelauto. De plysje siket de bestjoerder dêrfan. Tsjûgen kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)