Mear banen yn A7-sône
De geunstige ekonomy soarget foar banegroei yn de A7-sône. Yn in jier tiid binne der yn de gemeenten Snits, Skarsterlân, Opsterlân, Smellingerlân en it Hearrenfean 1630 banen by kaam.
It grutst wie de groei yn Smellingerlân en it Hearrefean. Fral yn de hoareka en de bou giet goed. Troch de groei nimt it ferlet fan goed oplaat personiel noch mear ta.