Flylân siket strânhimmelers

© Omrop Fryslân / Hans Koster
De gemeente Flylân siket frijwilligers dy't begjin april it strân skjinmeitsje wolle. It giet om in jierlikse skjinmakaksje dêr't ek meiwurkers fan de gemeente, Rykswettersteat, Definsje en Steatsboskbehear oan meidogge. De lêste organisaasje soarget ek foar materiaal.
It wurk begjint op 3 april op it strân by de jachthaven. De dei dêrnei wurdt ek skjinmakke. Dan rint it gebiet dat se himmelje troch oant de Flyhors ta.