Fryske pake nomineard

De "Opa en Oma van het jaar 2006"
Wietze Zwier fan Jobbegea is nomineard foar de titel Opa van het Jaar 2007. Dizze titel wurdt yn juny foar de sechde kear útrikt oan de acht leukste pakes en beppes fan Nederlân. Elkenien kin fia ynternet ien kear stimme op de leukste fan de acht.
Pake Zwier is de iennichste Fries yn 'e ferkiezing. Syn pakesizzer Jesse (3) hat him opjûn. Zwier stridet op 24 juny om de titel yn Bennebroek, op de grins fan Noard- en Súd-Hollân.