Kâns op boskbrân nimt ta

dit mei dus net
De brânwacht advisearret minsken alert te wêzen op brângefaar yn natuergebieten. Minsken moatte inoar oansprekke as it smookferbod oertreden wurdt en sa gau as mooglik 112 belje as se fjoer of reek yn in bosk sjogge.
Neffens it Fryske Gea wurdt de kâns op boskbrannen hieltyd grutter, om't it al in skoftlang ekstreem droech yn 'e Fryske bosken en natuergebieten is. In peukje of in glêzen fleske kinne al fataal wêze.