Hansson nei Rennes

01 maaie 2007 - 16:26

Petter_Hansson spilet takom seizoen foar Stade_Rennes dat útkomt op it heechste nivo yn Frankryk. De 30-jierrige oanfierder fan SC Hearrenfean sil in kontrakt tekenje dat him foar trije jier ferbynt oan de Frânske klub.

Hansson is oan de ein fan dit seizoen transferfrij. Hy hie al earder oanjûn dat hy Fryslân ferlitte soe. Ek Atalanta Bergamo woe de Sweedske ferdigener graach oernimme, mar it oanbod fan Rennes wie finansjeel better.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)