Stipe foar sportende jeugd

01 maaie 2007 - 10:54

It jeugdsportfûns yn Ljouwert krijt goed 15.000 euro fan de gemeente. It fûns besiket bern oan it sporten te krijen dy't troch jildgebrek no net sporte kinne. It fûns fergoedet it lidmaatskip fan in sportferiening en ek kinne de bern jild krije foar sportklean.

Mei de ienmalige bijdrage oan it sportfûns komt it kolleezje fan Ljouwert temjitte oan in moasje fan de PvdA dy't frege hie om de stipe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)