Oanhâldings by fjochtpartijen

01 maaie 2007 - 10:28

Yn Ljouwert en Kollum hat de plysje moandei minsken oanhâlden om't se belutsen wiene by fjochtpartijen. Op it stasjonsplein yn Ljouwert rekken twa groepen jongeren meiïnoar op de fûst. De plysje moast meardere minsken ynsette om de groep útinoar te heljen. In jonge fan 15 út Ljouwert is dêrby oanhâlden.

In Kollum waarden trije minsken oanhâlden nei't in groep jongeren in plysjeman bedrigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)