Man falt foar trein

01 maaie 2007 - 10:20

By in slim ûngemak op it stasjon fan Bûtenpost is moandeitejûn in ynwenner (23) fan Eastermar swier ferwûne rekke. Hy foel tusken it perron en in fuortridende trein en is tsientallen meters meisleept foar't er op it spoar telâne kaam. De man rekke ferwûne oan beide skonken en de holle.

It slachtoffer is yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs fan Grins. De plysje siket noch tsjûgen om de tadracht fan it ûngelok te ûndersykjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)