Seismograven pleatst

30 apr 2007 - 22:17

Yn it gebiet fan de sâlt- en gaswinning yn Noardwest Fryslân wurde ynkoarten trije seismograven pleatst dy't trillingen yn de grûn wiernimme. De aksjegroep Willem Beton hie dêr op oantrúne by de technyske kommisje boaiemdelgong.

De aksjegroep hopet dat sa mear dúdlik wurdt oer hoe't de skea oan de wenten yn it gebiet ûntstiet. De seismograven wurde noch foar de simmerfakânsje pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)