Keninginnedei-iten net sa min

© Omrop Fryslân
De kontrôles fan it ferkochte iten op Keninginnedei ha yn Noard Nederlân net in soad misstânnen oan it ljocht brocht. Op sechtich plakken die de Voedsel en Waren Autoriteit ûndersyk nei de broadsjes hamburger, kebabs en woarstjes yn de kreamkes op strjitte.
Op twa plakken waard it iten waarmer bewarre as hygiënysk is. Ien ûndernimmer krige in boete omdat 'r de fergunningen net foar in oar hie.