Wurk Jan Mankes op feiling

30 apr 2007 - 12:27

It feilinghûs Sotheby's yn Amsterdam feilt yn maaie in skilderij fan de Fryske skilder Jan Mankes. It giet om in stilleven mei kamelia's yn in koperen pot. De wearde wurdt rûsd op tusken de 80.000 en 120.000 euro.

It skilderij wurdt feild yn opdracht fan in partikulier, dy't it wurk earder ek oanbea oan museum Belvédere yn Oranjewâld. Dit museum hat mei 17 wurken fan Mankes de grutste kolleksje fan de keunstner yn hannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)