Oppakt foar wyldpisjen
Op It Hearrenfean hat de plysje sneintejûn in 35-jierrige Gordykster oanhâlden dy't tsjin in gevel oan de Troelstrastrjitte stie te pisjen. De man wie ûnder ynfloed en koe him net legitimearje. Hy waard dêrom meinommen nei it buro.
Underweis sloech de man ien fan de plysjeminsken yn it gesicht. Hy hat proses-ferbaal krigen foar wyldpisjen en mishanneling.